From 3e41a7879653bb20a3b5842df7a90474734d90db Mon Sep 17 00:00:00 2001 From: Coornhert Date: Wed, 1 Jan 2014 12:00:00 +0000 Subject: [PATCH] 2014-01-01 | BWBR0001830 | Wet op de rechterlijke organisatie --- .../BWBR0001830/README.md | 28 +++++++++++++++++++ 1 file changed, 28 insertions(+) diff --git a/wet/wet-op-de-rechterlijke-organisatie/BWBR0001830/README.md b/wet/wet-op-de-rechterlijke-organisatie/BWBR0001830/README.md index ce108ff38af..b335608e175 100644 --- a/wet/wet-op-de-rechterlijke-organisatie/BWBR0001830/README.md +++ b/wet/wet-op-de-rechterlijke-organisatie/BWBR0001830/README.md @@ -1836,3 +1836,31 @@ de bovenvermelde eed/belofte afgelegd. (1) ............................. (2) ............................. + +Wanneer de eed of belofte door een deskundig lid in de Friese taal wordt afgelegd, luidt de tekst van de eed of belofte als volgt: + +Wannear’t de eed of belofte troch in saakkundich lid yn de Fryske taal ôflein wurdt, is de tekst fan de eed of belofte lykas folget: + +Ik swar/ûnthjit dat ik trou wêze sil oan de Kening, en dat ik de Grûnwet en alle oare wetten ûnderhâlde en neikomme sil. + +Ik swar/ferklearje dat ik streekrjocht noch midlik, ûnder wat namme of útwynsel ek, foar it krijen fan in beneaming oan immen eat jûn of tasein haw, noch jaan of tasizze sil. + +Ik swar/ferklearje dat ik nea likefolle hokker jeften of geskinken oannimme of ûntfange sil fan hokker persoan dan ek fan wa’t ik wit of tink dat hy in proses hat of krije sil dêr’t ik as saakkundich lid yn behelle wêze kinne soe. + +Ik swar/ûnthjit dat ik gegevens dy’t ik as saakkundich lid ta myn foldwaan krij en dêr’t ik fan wit of yn alle ridlikheid fan oannimme moat dat dy in fertroulik karakter hawwe, geheim hâlde sil, útsein as in wetlik foarskrift, likefolle hokker, my ta meidieling ferplichtet of as út myn wurk as saakkundich lid de needsaak ta meidieling folget. + +Ik swar/ûnthjit dat ik myn wurk as saakkundich lid earlik, sekuer en ûnpartidich, sûnder ûnderskie te meitsjen tusken persoanen, ferrjochtsje sil en my dêrby hâlde en drage sil sa’t in goed saakkundich lid foeget. + +Sa wier helpe my God Almachtich!/Dat ferklearje en ûnthjit ik! + +Op........................, waard yn..................... + +yn bywêzen fan (1).............................. + +troch (2)............................. + +de boppeneamde eed/belofte ôflein. + +(1)............................. + +(2).............................