40.566 regelingen geparsed van BWB XML naar Markdown + YAML frontmatter. Bron: repository.officiele-overheidspublicaties.nl via SRU zoekservice. Verdeling per type: - 21.167 ministeriële regelingen - 4.605 ZBO-regelingen - 3.678 verdragen - 3.631 AMvB's - 3.179 wetten - 2.564 PBO-regelingen - 883 KB's - 591 circulaires - 150 beleidsregels - 118 rijkswetten 0 parse failures. 110.531 SRU records verwerkt. |
||
|---|---|---|
| .. | ||
| README.md | ||
| titel | bwb_id | type | status | datum_inwerkingtreding | bron | citeertitel |
|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynstellingsbeslút Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta | BWBR0025937 | ministeriele-regeling | geldend | 2009-06-13 | https://wetten.overheid.nl/BWBR0025937 | Ynstellingsbeslút Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta |
Ynstellingsbeslút Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta
Artikel 1
Yn dit beslút wurdt ferstien ûnder:
a. a. stjoergroep: Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta; b. b. bestjoersakkoart: bestjoersakkoart Ryk-provinsjes 2008–2011; c. c. Minister: de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes; d. d. Steatssiktaris: de Steatssiktaris fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes.
Artikel 2
Der is in Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta.
Artikel 3
1.
De stjoergroep hat as taak om in neiere útwurking te jaan oan de ôfspraak oangeande de Fryske taal, lykas dellein yn it bestjoersakkoart, en dêrta:
a. a. konkrete útstellen te dwaan om rykstaken en -foech op it stik fan de Fryske taal safolle mooglik te desintralisearjen nei de provinsje Fryslân ta, wêrby’t de gearhing tusken beliedsromte en finansjele ferantwurdlikheid in útdruklik punt fan omtinken by wêze sil; b. b. konkrete útstellen te dwaan foar de operasjonalisearring fan in gearhingjende desintralisaasje en koördinaasje fan taken en foech dy’t mei de Fryske taal ferbân hâlde.
2. De stjoergroep wurdt frege om op syn lêst 1 jannewaris 2010 te rapportearjen oan de Minister en de Steatssiktaris, de oare oanbelangjende bewâldspersoanen en oan it kolleezje fan deputearre steaten fan de provinsje Fryslân.
3. Nei it útbringen fan it rapport hâldt de stjoergroep op te bestean.
Artikel 4
1.
De stjoergroep bestiet út de neifolgjende leden:
– – de hear mr. R.J. Hoekstra (foarsitter) – – frou drs. M.J. Sanders-ten Holte – – de hear prof.dr. J. de Ridder – – frou drs. M.C.M. Waanders – – de hear prof.dr. P.J.J. Zoontjens – – de hear dr. R. Bagchus
2. De Minister beneamt en ûntslacht de foarsitter en leden fan de stjoergroep.
3. It skriuwerskip fan de stjoergroep wurdt fersoarge troch de hear dr. M.H. Klijnsma, haad fan it kluster Kwaliteit en Kaderstelling Bestjoer fan it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, en de hear drs. S. Akkerman, haad fan de ôfdieling Kultuer, Taal & Underwiis fan de provinsje Fryslân.
4. It skriuwerskip wurdt by it útoefenjen fan syn taak streekrjocht oanstjoerd troch de stjoergroep en docht syn wurk ûnôfhinklik fan de oanbelangjende bewâldspersoanen en it kolleezje fan deputearre steaten fan de provinsje Fryslân.
5. De stjoergroep kin, yn oerienstimming mei de bepalings fan dit beslút, syn wurkwize en dy fan it skriuwerskip regelje.
6. It behear fan de stikken dy’t ferbân hâlde mei de wurksumheden fan de stjoergroep bart yn oerienstimming mei de behearregels, op grûn fan de Argyfwet 1995 en it Argyfbeslút 1995. De oanbelangjende stikken wurde nei it beëinigjen fan de wurksumheden oan it argyf fan it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes oerdroegen.
Artikel 5
Foar syn wurksumheden kriget de foarsitter fan de stjoergroep in fergoeding fan € 332,– de gearkomste. Foar harren wurksumheden krije de leden fan de stjoergroep dy’t dêrfoar yn ’e beneaming komme, in fergoeding fan € 256,– de gearkomste.
Artikel 6
Dit beslút giet yn op de twadde dei nei de datum fan de Staatscourant dêr’t it yn pleatst wurdt.
Artikel 7
Dit beslút wurdt oanhelle as: Ynstellingsbeslút Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta.